Gerard List 63ste yn Dakar

17 jan 2009 - 16:00

Gerard List fan Flylân hat de Dakar rally 2009 folbrocht. Yn de lêste (14e)etappe nei Buenos Aires yn Argentynje waard er 97ste. Yn it algemien klassemint kaam List út op plak 63. Dakar 2009 waard by de motoaren wûn troch Marc Coma út Spanje. Dy siet goed 52 oeren op syn swiere KTM.

Gerard List die mei op in 250 cc Yamaha. Yn it fjild fan de Dakar rally is sa'n lichte motor opmerklik. List hie sa'n 24 oeren langer wurk as winner Coma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)