Hûs yn Warfstermûne ôfbaarnd

17 jan 2009 - 15:28

In hûs oan de Gruytsweg yn Warfstermûne is freedtejûn folslein útbaarnd nei in skoarstienbrân. Der wiene trije minsken yn de wenning doe't der brân ûntstie yn it reekkanaal fan in allesbrâner.

De bewenners besochten sels it fjoer út te krijen, mar dat slagge net. Al gau sloech it fjoer oer nei de boppeferdjipping en moasten se nei bûten. De Fryske brânwacht krige help fan it korps fan Gryptsjerk. De plysje hâlde taskôgers op ôfstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)