Fryske akteur yn film De Jong

17 jan 2009 - 13:55

Steven_de_Jong makket in film oer de Alvestêdetocht fan 1963. Dat wie in swiere tocht. De opnames begjinne yn febrewaris. Freed kamen de spilers nei Hilversum om mei-elkoar yn 'e kunde te kommen.

Haadrolspilers binne Cas Jansen, Chris Zegers en de Fryske akteur Lourens_van_den_Akker. Hy komt fan Oerterp en is 19 jier. Earder spiler er de soan fan ien fan de bruorren Dankert yn de searje Dankert & Dankert, ek fan Steven de Jong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)