Skip ferliest stjoerhutte

17 jan 2009 - 12:16
de boat botste op de brêge

By in oanfarring mei de brêge oer it Prinses_Margrietkanaal by Twellingea is in binnenfeartskip sneontemoarn syn stjoerhutte ferlern. De tanker Hollands Diep hat in beweechbere stjoerhutte, mar de skipper hie dy net op tiid nei ûnderen. It gefolch wie in oanfarring, wêrby't de hutte folslein fernield rekke.

It skip fear sûnder lading. De brêge rûn kwalik skea op, allinne in warskôgingsljocht gie stikken. Net ien rekke ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)