Sneu debút Sjinkie Knegt op EK

16 jan 2009 - 23:19

Shorttracker Sjinkie_Knegt fan Bantegea makke in sneu debút op it Europeesk kampioenskip yn Turijn. Hy waard nei syn heat op de 1500 meter diskwalifisearre. Daan_Breeuwsma fan Aldeboarn fleach der nei de earste ronde ek al út. Hy waard tredde yn syn searje en einigje úteinlik as 22e.

Op de ôflossing hiene de manlju wol súkses. Mei Niels Kerstholt en Rudy Koek waard de heale finale berikt. Yn de searje bleaune se Dútslân en Poalen foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)