V/d Heide bringt Cambuur winst

Sandor van der Heide
Sportklub_Cambuur hat freed de earste wedstriid nei de winterstop mei 1-0 wûn fan Haarlem. Ien momint fan Sandor van_der_Heide wie genôch foar de oerwinning fan de Ljouwerters. Mei noch 20 minuten te spyljen skoarde Van der Heide mei in pleatst skot.
Beide ploegen krigen in pear kânsen yn de wedstriid en yn de slotfaze wie Haarlem noch ticht by de lykmakker. Van der Vlag hâlde syn goal lykwols skjin en dus naam Cambuur de trije punten út Haarlem mei.