Fertochten ynbraak oppakt

16 jan 2009 - 20:41

Mei de oanhâlding fan in 23-jierrige frou en in man fan 20 jier út Ljouwert, hat de plysje in ynbraak oplost dy't al yn july ferline jier plakfûn. By in bedriuw yn de Borniastrjitte yn Ljouwert waard doe in grut jildbedrach stellen.

De frou wie skjinmakster by it bedriuw. Mei de kaaien koe se maklik it bedriuw ynkomme. Tegearre mei har broer hat se it jild stellen. De beide fertochten binne dizze wike oanholden. Se hawwe bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)