Ferplichte ferhuzing bedriuwen

16 jan 2009 - 20:02

De mooglike ferhuzing fan iisstadion Thialf nei de noardkant fan it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean, hat grutte gefolgen foar de bedriuwen dy't dêr no sitte. Sy moatte ferplicht ferhúzje en binne dêr net echt gelokkich mei.

It giet ûnder oare om in autobedriuw, in parketsintrum en in skiskoalle. Sy sitte no noch op in sichtlokaasje oan de A32. It is noch mar ôfwachtsjen hoe't dat yn de takomst is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)