Mear kriminaliteit by famkes

16 jan 2009 - 16:44

Famkes dy't it kriminele paad driigje op te gean, wurde goed yn de gaten holden. De plysje neamt it nuodlik dat hieltyd mear famkes gewelddiediger wurde. Dat waard freed sein op in sympoasium oer kriminaliteit by jongereingroepen yn Ljouwert.

Yn Ljouwert wenje 17.000 minderjierrigen. Fan dy jongeren binne ferline jier 500 oppakt foar oerlêst, fernielings en geweld. Dêr sieten in soad famkes by dy't by groepen jonges omhingje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)