Fryske icecarvers yn Sina

Icecarvers Hans de Zwaan en Rolf Döderlein de Win binne sânde wurden by de iisskulptuerwedstriid yn it Sineeske Harbin. 35 dielnimmers út 'e hiele wrâld diene mei oan it grutste ynternasjionale iisevenimint.
Yn Harbin frear it 25 graden. Ideale omstannichheden om in hiele stêd fan iis nei te meitsjen, sa grut as it sintrim fan Drachten. De twa Friezen ha klompen, in wynmûne en in ko fan iis makke.