Q-Buzz: noch gjin OV-Chip

16 jan 2009 - 11:55

Q-Buzz fynt it te betiid om al mei in planning te kommen foar de ynfier fan de OV-Chipkaart yn Fryslân. Deputearre Piet Adema wol de kaart dizze simmer al ynfiere en wol yn maaie begjinne mei in proef. Q-Buzz wol earst ôfwachtsje wat de risseltaten binne fan de proeven mei de kaart yn Rotterdam en Amsterdam.

Dizze wike waarden de earste ûnderfinings út Rotterdam bekend en dêr is Q-Buzz fan skrokken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)