Nij Thialf by Fean-stadion

Makette fan it nije Thialf
In nij Thialf-stadion moat wat de gemeente Hearrenfean oangiet oan de noardkant fan it Abe Lenstra Stadion komme. Reden is dat op dat plak in goeie oansluting is mei Sportstad Heerenveen en mei it sintrum fan It Hearrenfean. Dat soe ekstra besikers foar dy lokaasjes opsmite kinne. De nije hal moat enerzjyneutraal wêze.
It giet foarearst om in foarkarlokaasje. Der binne noch twa oare mooglikheden: oan de oare kant fan de A32 en op it hjoeddeiske plak.