Grêfstiennen wurde opknapt

16 jan 2009 - 10:45

De grêfstiennen yn 't 'Parkje achter de kerk' op It Hearrenfean lizze skots en skeef troch elkoar. Guon lizze oan stikken en fan oaren binne de opskriften amper mear te lêzen. In skandaal wurdt sein, benammen omdat de gemeente der jierrenlang net nei omseach.

It hoekje gers by teater it Posthûs wurdt omskreaun as in 'drollenveld' dêr't Hearrenfean him foar skamje moat. Wethâlder Buwalda hat tasein der wat oan te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)