Wetterskip Fryslân skoart goed
It bestjoeren fan wetterskippen bliuwt in saak fan manlju. Under de 119 nije bestjoersleden fan de Nederlânske wetterskippen sitte mar 16 froulju.
Wetterskip Fryslân skoart lykwols yn ferhâlding goed. De Friezen hawwe fjouwer froulju yn it bestjoer keazen, wylst de helte fan de wetterskippen bestiet út allinnich manlju.