Frou yn Snits oerfallen

© Omrop Fryslân
In 56-jierrige frou út Snits is tongersdei oerfallen. De frou wennet oan de Leeuwarderweg en helle de wask út de achtertún. In man draafde nei har ta en treau har yn 'e hûs. De frou foel op 'e rêch, de oerfaller begûn te razen dat er jild woe. Hy bedrige har mei in ûnbekend foarwurp.
It slachtoffer koe ûntsnappe, draafde nei bûten en rôp om help. De man naaide troch de foardoar út. De plysje siket noch nei de oerfaller.