Soad fernielings yn Ljouwert

16 jan 2009 - 09:42

De plysje docht ûndersyk nei in grut tal fernielings, tongersdeitenacht yn Ljouwert. Oan Achter de Hoven, de Ypeijstrjitte en Verstolkstrjitte waarden ruten fan huzen fernield.

Yn twa oare strjitten waarden spegels en ruten fan auto's fernield. Dat barde ek op in parkearterrein achter de Van Sytsmastrjitte. Tsjûgen bellen 1-1-2 en seagen twa manlju fuortfytsen yn de rjochting fan de Spoorstrjitte. De plysje hat noch nei de manlju socht, mar koe se net mear fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)