Aris wint fan Den Helder

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Friesland ha tongersdeitejûn de earste oerwinning fan 2009 binnenhelle. Yn sporthal It Kealledykje waard Den Helder mei 100-64 ferslein. Nei de ferliespartijen tsjin Weert en Rotterdam pakte Aris tsjin de nûmer lêst yn it earste kwart al in romme foarsprong: 24-12.
Ek de oare kwarten waarden mei rom ferskil wûn: 24-20, 29-18 en 23-14. Matt Bauscher wie wer ris de tûkste Aris-spiler mei 26 punten. Aris is no achtste mei 16 punten út 21 wedstriden.