Gerard List sterk yn Dakar

15 jan 2009 - 22:31

Motorkoereur Gerard List fan Flylân docht it noch altyd poerbêst yn de Dakar rally 2009. Yn de tolfde etappe kaam List as 74ste binnen. Yn it klassemint stiet er no op it 67ste plak.

De dielnimmers ride nei in pear dagen yn Sily no wer yn Argentynje. Gerard List docht mei op in lichte 250 cc motor. Mar fiif oere riders dogge dat ek. Fan dy fiif binne der noch mar twa yn de wedstriid. List is fan dy twa de bêste yn it klassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)