Twa jier easke yn ûntuchtsaak

15 jan 2009 - 21:23

De rjochtbank yn Ljouwert hat twa jier sel easke tsjin in 35-jierrige Burgumer dy't fertocht wurdt fan ûntucht mei famkes. Dat soe er healwei ferline jier dien ha yn syn wenplak, ûnder oare by de maneezje dêr. It giet om famkes fan ferskate leeftiden, dy't er lêstich fallen en betaaste hawwe soe. De man sels ûntkende, mar tsjûgen hawwe him werkend.

De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)