Nij winkelsintrum S'fean

© Omrop Fryslân
In nij grut winkelsintrum oan de râne fan Surhústerfean moat jierliks tûzenen ekstra besikers nei it doarp helje. Yn it winkelsintrum moatte ûnder oaren in bouwmerk en meubelsaken komme. It sintrum moat komme op it plak wêr't earder transportbedriuw VOS Logistics sitten hat.
De ûndernimmersferiening H&I makke har earst wat soargen oer it effekt op de oare winkels yn it doarp, mar út ûndersyk fan de gemeente hat bliken dien dat dat gjin probleem wêze sil.