Fertochte ûntucht ûntkent wer

15 jan 2009 - 17:21

De man dy't beskuldige wurdt fan ûntucht mei en it betaasten fan famkes yn Burgum hâldt fol dat er it net dien hat. De saak spile ferline simmer ûnder oare by de maneezje yn Burgum. De man sit noch altyd fêst. Syn hûs yn Burgum is leechhelle. Hy komt dus net werom.

Tongersdeitemiddei kaam de saak foar de rjochter. It gie om 4 saken fan ûntucht en betaasting. Mar der ha mear ynsidinten west. It bewiis wie net rûn te krijen, mar de rjochter neamt it al.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)