Fertochten Siersmidse oppakt

15 jan 2009 - 17:15

De plysje hat twa fertochten oanhâlden foar de fernielings by Siersmidse Aldeberkeap. De siersmidse hat 25 tûzen euro skea nei't der yn desimber op it terrein fan alles fernield is.

Dizze wike hâlde de plysje twa minsken oan. In 59-jierrige Gordykster en in 37-jierrige man út Nijhoarne. De âldste hat ien nacht fêstsitten. It plysje-ûndersyk rint noch. De plysje siket tsjûgen. Eigner De Jong werkende de fertochten op bewakingsbylden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)