Hearrenfean-talint nei Emmen

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean ferhiert Robin Huisman de Jong foar de rest fan it seizoen oan earstedivisionist FC Emmen. Dat makke de klub tongersdei bekend.
De 20-jierrige middenfjilder stiet sûnt 1 jannewaris 2007 ûnder kontrakt by Sportclub Hearrenfean, mar spile noch gjin inkelde minút yn it earste alvetal. It kontrakt fan Robin Huisman de Jong rint de kommende simmer ôf.