Lays hâldt definityf op

15 jan 2009 - 14:06

De Fryske feestband Lays hâldt der definityf mei op. Neffens de bandleden 'hat it moai west'. Lays hat santjin jier bestien en yn dy jierren tûzenen kearen optreden, wêrûnder fiif jier as hûsorkest yn it Omrop Fryslân radioprogramma PC Kafee.

De band hâldt yn oktober op te bestean. Sjonger Rintje Kas giet fierder as trûbadoer. Lays hâldt net in ôfskiedstoernee, sa makke de band tongersdei bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)