Van Calker/Jansma 19e by WB

© Omrop Fryslân
It bobslyd-duo Edwin van Calker en Sybren_Jansma fan De Pein is tongersdei 19e wurden by de wrâldbeker wedstriid yn it Switserske Sankt Moritz. De twamansbob fan de Nederlanners hie in efterstân fan 2,03 sekonden op de winners út Kanada.
Yn de stân om de wrâldbeker steane Van Calker en Jansma no op in 13e plak mei 544 punten. De nûmer ien hat al 971 punten. Letter op de dei komme de mannen ek noch yn aksje yn de fjouwermansbob.