Utwreiding Deli XL yn Drachten

15 jan 2009 - 12:13

Hoarekagruthannel Deli XL yn Drachten krijt der mooglik 100 klanten by. De festiging yn Swolle giet op termyn ticht en dy klanten wurde ferdield oer de festigingen yn 'e buert, dêr't Drachten ien fan is. De 32 wurknimmers fan de festiging yn Swolle geane mei it wurk mei.

De sluting fan Swolle betsjut net dat der yn Drachten grutte ynvestearrings nedich binne, it gebou hat romte genôch om de útwreiding oan te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)