Beeksma 80 jier lid FNV

© Omrop Fryslân
Durk Beeksma fan Ljouwert is woansdei huldige foar it feit dat er 80 jier lid is fan it fakbûn FNV. Beeksma wie 15 jier doe't er lid waard. Hy wurke doe by de Frico. Letter hat er hiel lang by de Oude Delft yn Ljouwert wurke.
Beeksma hat op allerhande mêd aktyf west en wie ek hiel sportyf. Hy hat 7 de kear de alvestêdetocht op redens folbrocht, 37 kear op 'e fyts en hy hat dy tocht ek ien kear rûn. Oant syn 85e hat er boppedat gymnastykles jûn.