Gordykster kapper oerfallen

© Omrop Fryslân
In kapperssaak oan de Hendrik Ringenoldusstrjitte op De Gordyk is woansdei oerfallen. Om goed acht oere jûns kaam in man mei in bivakmûtse op de winkel yn. Hy hie wat yn 'e hân dat op in fjoerwapen like en bleau by de doar stean. Hy frege om jild. In meiwurker hat doe de ynhâld fan de kassa jûn. De dieder naaide dêrnei út.
De plysje koe de dieder net mear fine. Foar it winkelpersoniel en de klanten fan de winkel is slachtofferhelp ynskeakele.