Noch rûzje oer Alvestêde-iis

14 jan 2009 - 23:15

Ald-rayonhaad Jan de Jong fan Snits hat woansdei wegere mei te wurkjen oan in útstjoering fan de NOS oer de Alvestêdetocht fan 1997. De Jong die dat omdat er lulk is oer útlittings fan âld-Alvestêdetochtfoarsitter Henk Kroes.

Kroes sei yn syn biografy dat hy yn 1997 de ferantwurding op him naam hat foar it iis yn Snits. Dat wie doe fan minne kwaliteit. Jan de Jong bestridet lykwols de útlittings fan Kroes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)