ANWB: warskôging glêde diken
De ANWB warskôget foar glêde diken yn Fryslân. Troch in kombinaasje fan in lege temperatuer en mist kin it rûnom yn de provinsje glêd wêze. Op de measte plakken wurdt wol struid. De warskôging jildt oant en mei tongersdeitemoarn.
Earder op 'e dei warskôge Piet Paulusma ek al foar de kâns op glêdens en mist.