Paul Vincent nei de Flyers

© Omrop Fryslân
Iishockeyclub Hajé Flyers fan It Hearrenfean hat der in nije spiler by. It giet om de Amerikaan Paul Vincent (34). Dy komt oer fan in Noarske club en spilet freed al de earste wedstryd yn it shirt fan de Flyers. Dy hawwe de nije spiler oanlutsen om de kwaliteit fan it team te fersterkjen.
Vincent nimt it plak yn fan Cole Byers. Dy hat dien krigen by de Flyers omdat der gjin jild is om beide spilers te beteljen.