Kromkamp 2e yn Biddinghuzen

© Omrop Fryslân
Martijn Kromkamp fan Wolvegea is woansdei twadde wurden yn de fiifde en lêste wedstriid op de lange baan fan Biddinghuzen. De wedstriid oer 75 kilometer waard wûn troch Jan Maarten Heideman. René Ruitenberg waard tredde, Douwe de Vries fan It Hearrenfean fjirde. It klassemint waard wûn troch Sandor Stuut fan Den Haach.
By de froulju wûn Andrea Sikkema fan Rolde de 40 kilometer wedstriid. De einoerwinning wie foar Mariska Huisman.