Soad Fryske bands op Eurosonic

Grutte Fryske ynbring op Eurosonic
Der steane tongersdei en freed mar leafst tolve bands fan 'e Ljouwerter Popakademy op Eurosonic yn Grins. Eurosonic is ít festival foar de bêste nije bandsjes fan Europa. Noch ris fjouwer oare bands steane sneon op Noorderslag, it poadium foar de bêste pop- en rockmuzyk fan Nederlân.
Fryske bands dy't op Eurosonic steane binne ûnder oare Pioneers of Love, Jean Parlette en Daily Bread. De lêste band sit yn 'e lift. De band tekene tiisdei in kontrakt by Excelsior.