Boom wint fjildrit S'fean

14 jan 2009 - 15:56

Lars Boom hat woansdei de Sintrumcross fan Surhústerfean op syn namme skreaun. Wrâldkampioen Boom bleau Thijs Al en Gerben de Knegt foar.

Boom ried sawat de hiele wedstriid op kop. Yn it lêste rûntsje like de oerwinning fan de Rabobank-hurdfytser troch in lekke bân yn gefaar te kommen, mar it slagge de achterfolgers net om fan dit maleur te profitearjen. Ald-wrâldkampioen Richard Groenendaal, dy't foar it lêst meidie yn Surhústerfean, waard fjirde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)