Kloklieders wolle bonnen Dales

14 jan 2009 - 15:50

De Nederlandse Klokkenluiders Partij wol fan de gemeente Ljouwert witte watfoar deklaraasjes Dales by de gemeente dien hat yn syn tiid as boargemaster. Ek wol de partij witte wat de sollisitaasjeproseduere en it oanstellen fan Dales koste hat.

De partij beropt him op de Wet openbaarheid van bestuur. Op grûn fan dy wet kinne oerheidsynstânsjes ferplichte wurde gegevens iepenbier te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)