Teigatten yn A7 by Nijlân

14 jan 2009 - 14:40

Op de A7 tusken Boalsert-East en Nijlân jildt tydlik in maksimum snelheid fan njoggentich kilometer. De maatregel is ynsteld omdat der gatten ûnstien binne yn 'e dyk nei oanlieding fan de froastperioade fan ôfrûne tiid.

Rykswettersteat hat de gatten tiisdei al meitsje litten mei reparaasje-asfalt. Der wurdt noch sjoen hoe en op watfoar wize de dyk definityf makke wurde kin. Oant dy tiid bliuwt de maksimumsnelheid 90 kilometer. Ornaris mei der 120 km de oere riden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)