Janmaat werom nei Nederlân

14 jan 2009 - 14:36

Elsbeth Janmaat, de frou fan âld- Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels, komt werom nei Nederlân. Se wurdt direkteur Human Resources by ien fan de fjouwer divyzjes fan it nije fúzjebedriuw FrieslandCampina. Ek de festiging yn Ljouwert falt derûnder.

It ôfrûne jier wurke Elsbeth Janmaat foar Friesland Foods yn Maleizje. Foar Ed Nijpels wie dat doe reden om syn baan as Kommissaris fan de Keninginne op te sizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)