FNV lulk op Philips

14 jan 2009 - 11:21

Fakbûn FNV is lilk dat meiwurkers fan Philips dit jier gjin ekstra jild mear krije as se goed prestearje. Philips hat sein dat ekstra jild der net yn sit, omdat it sa min giet mei de ekonomy. De kollektive leansferheging fan 3,5 % giet wol troch. Neffens de FNV hie de Philipsdireksje earst mei de fakbûnen oerlizze moatten. Boppedat is der ferline jier flink fertsjinne. As der besunige wurde moat, soene ek de bonussen fan de direksje besjoen wurde moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)