Trein rydt twa auto's oan

De trein fan Ljouwert nei Grins hat woansdeitemoarn by Bûtenpost twa auto's oanriden. Dêrby is ien persoan ferwûne nei it sikehûs brocht. De oanlieding fan it ûngelok wie dat in auto op it spoar stie. De bestjoerder koe op 'e tiid út de auto komme en woe de masinist fan de trein warskôgje.
Op dat momint kaam der noch in auto oan. De bestjoerster fan dizze auto tocht dat se noch wol oerstekke koe, mar dat mislearre. De frou moast troch de brânwacht út de auto helle wurde.