Plysje leit beslach op auto

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn trije dagen tiid twa kear in auto yn beslach nommen fan in man (23) út Oerterp. De man waard snein betrape op it riden sûnder jildich rydbewiis. Omdat dat net foar it earst wie, naam de plysje syn auto yn beslach. De man sei tsjin de plysje dat er gau in oare auto keapje soe.
In motorplysje seach de man tiisdeitejûn yndie yn in oare auto riden. Yn Beetstersweach waard er oanhâlden en waard ek de krekt kochte auto yn beslach nommen.