Undersyk nei Fryske keapfardij

De skippen fan Starum, in wichtige haven eartiids
De Ryksuniversiteit Grins en histoarysk sintrum Tresoar begjinne in ûndersyk nei de Fryske keapfardij. Tusken 1550 en 1800 spilen Fryske skippers in grutte rol yn de Europeeske hannelsfeart.
Twa promovendi en in postdoc-ûndersiker fiere it ûndersyk út. Wichtichste boarne is it register fan de tol dy't de Deenske kening easke foar skippen dy't troch de Sont woene, dy't no digitaal te besjen binne.