Aanst stikkers op boaten

13 jan 2009 - 15:57

As it oan âld-steatssekretaris Gabor fan Natuerbehear leit farre alle boatsjeminsken aanst mei in stikker op 'e boat. Mei dy stikker betelje se dan in lanlike heffing dy't keppele is oan de oerflakte fan de boat.

Dat stiet yn in advys dat in wurkgroep ûnder lieding fan Gabor tiisdei oerlange oan minister Verburg fan Lânbou en Natuer. Lanlik soe dat 45 miljoen euro opsmite. Al it brêge- en slúsjild wurdt ôfskaft. Oerheden wurde dêr dan foar kompensearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)