Pream sonken op It Fean

13 jan 2009 - 14:24

Yn de haven oan de Ljouwerterstrjitwei op It_Hearrenfean is tiisdeitemoarn in pream sonken. De 9 meter lange boat is nei alle gedachten sonken troch in iepensteande klep yn it húske. Dy kin troch de froast iepengien wêze.

In kraan sil de pream út it iis helje. De brânwacht is derby om oalje dy´t eventueel frijkomt op te fangen mei skermen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)