Frou fan tas berôve
In frou fan 31 jier út Ljouwert is ôfrûne nacht yn har wenplak fan har tas berôve. It slachtoffer fytste troch de Alde Oasterstrjitte.
De frou waard oansprutsen troch in man dy´t ynienen har tas fan it stjoer skuorde. Dêrnei naaide er út. De tas waard letter weromfûn. De beurs fan de frou wie derút helle.