Ynboargering yn Ljouwert goed

© Omrop Fryslân
De ynboargeringskursussen fan Ljouwert rinne goed. Folle better as yn oare parten fan it lân. It moaie is dat 80% fan de kursisten mei in diploma nei hûs giet en dat persintaazje leit folle heger as op oare plakken. Grins skoart bygelyks net mear as 40%.
De gemeente Ljouwert fynt lykwols dat it noch better kin en set dêrom út ein mei de kampanje 'Inburgeren doe je samen'. Doel is om it kommend jier 400 nije Nederlanners oan in diploma te helpen.