Buordemystearje oplost

© Omrop Fryslân
It mystearje fan de Achterhoekbuorden yn Ljouwert is oplost. It wie in stunt fan it Achterhoeksk Buro foar Toerisme. Op de buorden stie de reisôfstân nei de Achterhoek en wie bedoeld om toeristen nei de Achterhoek te lûken.
Net elkenien wie te sprekken oer de aksje, sa liet de gemeente Nijmegen de buorden derwei helje, omdat der gjin fergunning foar ôfjûn wie. Tiisdei wurde alle buorden wer oprêden.