Bob de Vries wint Ankeveen

Bob de Vries (foto: Martin de Jong)
Bob_de_Vries fan De_Haule is moandei winner wurden fan de natoeriisklassiker fan Ankeveen. Yn de moarnsoeren wûn er de prolooch, de middeis de maraton oer 100 kilometer.
Yn de einsprint fan ´e maraton wie er de rapste fan in kopgroep fan sân man. De Frânsman Cedric_Michaud waard twadde, Ingmar_Berga tredde. Troch it teiwaar wurdt der tiisdei net mear riden yn Ankeveen.