MCL ûndersiket op ûnderfieding

12 jan 2009 - 15:28

Sikehûs MCL yn Ljouwert ûndersiket fan moandei ôf alle pasjintsjes dy't binnenkomme op de berne-ôfdieling op ûnderfieding. As dat it gefal is krije se tusken it gewoane iten troch faker wat lekkers mei dêryn in soad kaloryen lykas iis of sûkelade.

Oan de hân fan in fragelist wurdt tenei sjoen oft pasjintsjes in tekoart oan bygelyks aaiwiten ha. Leafst 19 persint fan de jongerein yn Nederlânske sikehûzen is ûnderfuorre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)