Bob de Vries wint prolooch

12 jan 2009 - 13:10

Bob de Vries hat moandeitemoarn de prolooch fan Ankeveen wûn. De maratonreedrider fan De Haule wie nei 4,1 kilometer op it natoeriis de rapste yn 6 minuten en 28 sekonden. Ingmar Berga fan Hoogeveen waard twadde, Willem Hut fan Haulerwyk tredde.

Sandra 't Hart fan It Hearrenfean wûn de maraton oer 60 kilometer. Elma de Vries waard twadde, Daniëlle Bekkering tredde. Troch it teiwaar is de tiisdei yn Ankeveen skrast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)