Regels toertochten skerper

12 jan 2009 - 13:01

Toertochten op natoeriis moatte earst goedkard wurde troch de iiswegesintrale foardat gemeenten in fergunning ôfjaan meie. Dat is ien fan de konklúzjes fan it reedridersbûn KNSB nei in wike fol toertochten.

It bûn wol dat de regels foar it organisearjen fan toertochten op natoeriis oanskerpe wurde. De ôfrûne iisperioade hat dúdlik makke dat de âlde draaiboeken hjoed de dei net mear wurkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)